Oranjewâld wol oplossing foar fertutearze pleats Donglust

21 nov 2016 - 21:53

It bouwen fan bûtenpleatsen is in moaie oplossing foar it terrein fan boerepleats Donglust yn Oranjewâld. Foaral no't de fertutearze pleats geregeld slachtoffer is fan fernielingen en brânstichting. Dat seit foarsitter Jochem Liemburg fan pleatslik belang Oranjewâld. Hy wol graach dat der in oplossing komt.

De pleats Donglust kaam yn 2008 leech te stean. Der hawwe noch tydlik jongeren anty-kraak yn wenne, mar dat waard fanwege lekkaazje te gefaarlik. No brûke jongeren it as hingplak.

De aadlike famylje De Beaufort is eigener fan de pleats. Sy hawwe de pleats mei stekken ôfsetten en kameratafersjoch ynsteld. Ek binne der houten platen foar de ruten pleatst. De famylje is al langer yn petear mei de gemeente Hearrenfean en Steatsboskbehear om te kommen ta in oplossing. De komst fan bûtenpleatsen wurdt sjoen as meast reële opsje.

(advertinsje)
(advertinsje)