Fytse en kuierje om Snitser Mar sûnder knyppunten

21 nov 2016 - 21:17

Fytsers en kuierders moatte de Snitser Mar om kinne, sûnder dat se gebrûk hoege te meitsjen fan helpmiddels lykas pontsjes. Dat fynt De Marrekrite. It rekreaasjeskip wol trije knyppunten oanpakke om dat mooglik te meitsjen.

It giet om in paad by de Broeresleat by Top en Twel, by de Fammersrakken rjochting Rufus en fan de Swettepoel by de Noarder Aldewei nei Goaiïngaryp. Sa'n tweintich oanlisplakken wurde ek ferbûn mei de nije fyts- en kuierpaden. De totale kosten wurde rûsd op 526.000 euro.

Gemeente De Fryske Marren stelt 230.000 euro beskikber. De Marrekrite jout 100.000 euro. De rest moat by de provinsje, de gemeente Súdwest-Fryslân en fûnsen weikomme. De Marrekrite ferwachtet dat in rûntsje om de Snitser Mar in soad toeristen lûke sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)