VV Waskemar brûkt rêchnûmer 10 fan Daniël Postema net wer

21 nov 2016 - 20:59

It rêchnûmer 10 fan Daniël Postema wurdt by fuotbalferiening Waskemar net wer brûkt. Dat meldt RTV Noord. Postema ferûngelokke twa wike lyn yn Grins. Syn alvetal kaam sneontejûn foar it earst wer yn aksje yn in bekerduel tsjin Snits Wyt Swart. Foarôfgeand oan dy wedstriid waard in minút stilte hâlden yn neitins oan Postema. Yn de 10e minút fan de wedstriid begûn it publyk spontaan te applaudissearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)