Plastysk sjirurgen MCL Ljouwert hâlde iepen dei

21 nov 2016 - 20:52
Plastyske sjirurgy (argyffoto) - Foto: ANP

Wa't nijsgjirrich is nei it wurk fan in plastysk sjirurch, kin freed teplak yn it MCL yn Ljouwert. Dêr hâlde de spesjalisten middeis in iepen dei. It giet benammen oer hûdtransplantaasje, mar se fertelle ek oer oare aspekten fan it wurk.

Plastysk sjirurgen wurkje op in breed terrein, lykas operaasjes oan hannen, rekonstruksjes fan boarsten, behanneling fan grutte littekens en mear. Belangstellenden kinne har ek oanmelde foar in fergese 'speeddate' fan fiif minuten mei ien fan de sjirurgen. Wol moat yn it foar in ôfspraak makke wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)