Bergsma en Wüst litte Astana ek sjitte
Nei Sven Kramer, melde ek Jorrit Bergsma en Ireen Wüst harren ôf foar de wrâldbekerwedstriid yn Astana op 2, 3 en 4 desimber. Sy kieze foar in trainingskamp yn de sinne. Marrit Leenstra en Antoinette de Jong dogge wol mei yn Astana. Troch it oantal ôfsizzings steane Arjan Stroetinga en Bob de Vries wol oan de start yn Kazachstan.