Dokumintêre It Swarte Goud wint priis yn New York

De dokumintêre It Swarte Goud fan Omrop Fryslân oer it Fryske hynder hat snein in priis wûn op in grut filmfestival yn New York. De dokumintêre wie de bêste yn de kategory ynternasjonale spylfilm. Op it Equus festival wiene sa'n 150 films en dokumintêren oer hynders te sjen.
Omrop Fryslân waard troch de organisaasje sels frege om It Swarte Goud yn New York te fertoanen.
Programmamakker Piter Tjeerdsma is bot ferrast troch de priis. "Dit is fantastysk dat we dizze eare krije, foar it Fryske hynder en foar alle minsken dy't der oan meiwurke hawwe. Hjir hiene we net op rekkene."
Yn desimber en jannewaris wurdt de rige It Swarte Goud opnij útstjoerd by Omrop Fryslân.