Ton skonken foar behâld Baai Dellewal op Skylge

21 nov 2016 - 15:32

De Stichting Natuurherstel Baai Dellewal fan Skylge hat in donaasje fan in ton tasein krigen fan in troud stel op it eilân. De skinkers wolle net yn de publisiteit, mar wolle wol sizze dat se op Skylge berne binne en hert ha foar de Baai Dellewal. Ien fan de twa is opgroeid oan de baai.

De stichting wol foarkomme dat der boud wurdt yn de Dellewal en set him yn foar it behâld fan dat stik natuer op Skylge. Earder wiene der plannen foar in hotel. Dy giene net troch, mar de gemeente sjocht no dochs wer nei mooglikheden om te bouwen yn de baai.

(Advertinsje)
(Advertinsje)