Undersyk nei deade man op It Hearrenfean

21 nov 2016 - 13:20

De plysje ûndersiket de dea fan in man op It Hearrenfean. De man ferstoar yn de nacht fan snein op moandei, mooglik nei it brûken fan drugs. De plysje waard ynskeakele, omdat de man yn in hûs oan de Fok troch it lint gong. Neidat plysjes him kalmearre hienen, gie it op strjitte opnij mis. Plysjes besochten de man ûnder kontrôle te krijen, mar de man waard net goed en ferstoar ûnderweis nei it sikehûs.

Wêr't er krekt oan ferstoarn is, wurdt noch ûndersocht. Ek wurdt sjoen nei de rol fan de plysjes. It ûndersyk wurdt dien yn oerlis mei it Iepenbier Ministearje. Om wa't it giet, is noch net bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)