Spiler VV Jobbegea ferstoarn nei ûngelok, oare ferwûne

By fuotbalklup VV Jobbegea is mei fersleinens reagearre op it swiere ûngelok sneintejûn wêrby't twa spilers fan de A-seleksje belutsen wiene. It 22-jierrige slachtoffer út Hoarnstersweach is moandeitemoarn oan syn ferwûningen ferstoarn, de 23-jierrige man út Jobbegea leit swierferwûne yn it sikehûs. Se botsten snein op de P.W. Janssenwei yn Jobbegea tsjin in beam en binne doe yn kritike tastân nei it sikehûs brocht.
De seleksje kaam sneintejûn byinoar yn de kantine. Dy is de kommende jûnen ek iepen. Der is slachtofferhelp foar de leden fan de feriening. Alle aktiviteiten foar de kommende dagen binne ôfsein.