Ljouwerter ûntwerpt nije klean parfumeryketen Douglas

21 nov 2016 - 12:45

Sjyk, swart, in bytsje wyt mei in krêmkleurich bies: dat is de omskriuwing fan de nije klean foar parfumerygigant Douglas. Makke troch it Fryske bedriuw ByOni fan moadeûntwerper Moniek Miedema. Leafst 2000 ferkeapers binne yn de nije jurkjes en tops stutsen. De easken fan de parfumgigant wienen strang, it moast perfoarst in sjyk karakter hawwe en eins allinnich in swart ûntwerp wie tastean. Fan no ôf wurde de nije outfits droegen.

Super grutsk

"Ik ha earst de saak yn Ljouwert oanklaaid, dêrnei begûn it baltsje te rôljen by ek de oare Douglas-saken yn ús lân", seit Miedema sels. "It is fansels in mega-bedriuw en bin super grutsk! It is in komplimint dat se fine dat ús styl byelkoar past."

Trefwurden: 
ByOni Moniek Miedema Douglas
(Advertinsje)
(Advertinsje)