你好 Marne College, 最近忙嗎?

21 nov 2016 - 14:40

It Marne Kolleezje yn Boalsert lûkt de bannen mei Sina oan. De skoalle hat in oerienkomst tekene mei Number 3 High School yn Changzhou. Doel is om in útwikseling fan learlingen ta stân te bringen. De skoalle wol úteinlik it fak Sineeske taal en kultuer as eksamenfak oanbiede. It Marne Kolleezje is sûnt 2014 dwaande mei Sineeske les. In groep fan fyftjin learlingen folget de lessen fan dosinte Wang Ping.

Neffens Bert Colly fan it Marne Kolleezje is de fraach nei de Sineeske lessen spontaan ûntstien fanút de learlingen sels. "Er was vraag naar de taal. Ik geef ook aardrijkskunde waar het thema globalisering pontificaal aanwezig is. En globaliseren en China past natuurlijk bij elkaar", sa seit Colly. "In die setting is de vraag naar de taal ontstaan en of we niet meer met China konden doen." 

Leare om te learen

De Fryske skoalle hopet fansels om de taal te learen, en om in stap te dwaan nei globalisearring fan it ûnderwiis yn Boalsert. De skoalle út Sina is lykwols yn oare saken ynteressearre. "Wat men daar zoekt is de Engelse taal", seit Colly. "En daar hoeven ze niet voor naar Nederland. Maar waar ze ook zeer geïnteresseerd in zijn is de didactiek. Oftewel: hoe kunnen wij de lessen zo vormgeven dat het rendement verhoogd wordt."

It earste projekt dêr't de Sinezen nei alle gedachten oan mei dogge is in GeoWetter projekt fan de EU yn maaie 2017. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)