Neakene man oanhâlden yn Kealledykje
De plysje yn Ljouwert hat sneintejûn in man oanhâlden, om't dy neaken troch swimbad it Kealledykje rûn. Meiwurkers lieten de man in broek oanlûke en warskôgen de plysje. Dy hâlde de man oan. De man fersette him wol tsjin syn oanhâlding, mar koe úteinlik meinaam wurde nei it buro.