Ekstra omtinken foar 'Frysk Blau' yn Harns

Yn Harns wurdt dizze moanne folop omtinken jûn oan it 'Frysk Blau', oftewol it Harnzer diggelguod. Yn de Gouden iuw wie it Harnzer ierdewurk in grut eksportprodukt. En ek no noch wurdt it op de ynternasjonale merk ferkocht. Yn de 18de iuw wiene der yn Harns mar leafst seis fabriken. No is der noch mar ien: Harlinger Aardewerk- en Tegelfabriek. Mei eksposysjes, rûnliedingen, en iten dat yn restauranten servearre wurdt op Harnzer buorden, wurdt omtinken jûn oan de âlde tradysje.
Foar de Harnzers dy't sels histoarysk ierdewurk hawwe, is der in mooglikheid om dy ek sjen te litten oan toeristen.