Noed yn Wommels oer driigjende leechstân

Undernimmers en doarpsbelang Wommels meitsje harren soargen oer de gatten dy't falle as it gemeentehûs yn 2018 tichtgiet en de fêstiging fan it Bogermankolleezje ferdwynt. It betsjut dat twa byldbepalende gebouwen leech komme te stean. Der wurdt hurd wurke oan plannen om de gebouwen sa gau as mooglik wer op te foljen. Doarpsbelang wol dat der yn de skoalle goedkeape wenromte komt foar jonge gesinnen.
Peter Meijlis fan Doarpsbelang makket him soargen oer de mooglike leechstân fan trije grutte gebouwen yn it doarp: "It is net in al te grutte leefmienskip hjir yn Wommels. It is mar in middelgrut doarp." Dochs wol er net al te pessimistysk wêze oer de takomst: "Wy sjogge by de buorlju yn Wytmarsum hoe't it ek kin. Dêr hat it gemeentehûs ek in hele goeie bestimming krigen, mei wenjen en soarch."
De pleatslike bakker Posthuma hat ek noed, benammen oer de mooglike weromgong fan de klandizy: "It is al langer in fraachstik foar ús as ûndernimmers. Ek foar ús as bakker. Der binne in soad minsken dy't yn it gemeentehûs en de skoalle wurkje en dy't fansels harren bôle by ús helje. Mar as se hjir daliks net mear wurkje, sille se dan omride? Ik tink it net."