Miedema net, Folkertsma wol by de Oranje-liuwinnen

20 nov 2016 - 22:09
Sisca Folkertsma

Ald-Hearrenfeanspylster Vivianne Miedema hat har ôfmelden foar de oefenwedstriden fan Oranje tsjin België en Ingelân. Miedema kaam snein noch wol yn aksje foar har klup Bayern München, se skoarde de winnende goal. Dêrtroch stean se no boppe-oan yn de kompetysje. Miedema hat lêst fan de rêch en lit dêrom de Oranje-wedstriden sjitte.

Sisca Folkertsma út Sleat krijt no in kâns by Oranje, sy is oproppen troch bûnscoach Arjan van der Laan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)