Isabelle Diks op 18e plak fan GrienLinks

20 nov 2016 - 21:06

Wethâlder Isabella Diks fan de gemeente Ljouwert stiet op it 18e plak fan de foarlopige kandidatelist fan GrienLinks foar de Twadde Keamerferkiezings. Dat waard snein yn Utrecht bekendmakke. GrienLinks hat op dit stuit fjouwer sitten yn de Twadde Keamer, mar yn de peilings stiet de partij op njoggen oant fyftjin sitten.

Leden fan GrienLinks kinne yn in online referindum oer de kandidatelist stimme, dy wurdt dan op 15 desimber definityf fêststeld.

(advertinsje)
(advertinsje)