Makeler Jaap Kingma wurdt ynhelle troch Max Verstappen

20 nov 2016 - 17:22

It management fan Formule 1 coureur Max Verstappen hat in stokje stutsen foar in reklamespotsje fan makeler Jaap Kingma fan Burgum. Kingma hie de namme fan syn bedriuw taheakke oan in spotsje fan de Jumbo wêryn't Verstappen mei syn raceauto boadskippen by in klant bringt. Dat spotsje hie hy op syn Facebook set.

It management fan Verstappen hat him opdroegen om it spotsje der binnen 24 oeren ôf te heljen. Sa net dan folgje der maatregels. Kingma hat dat ûndertusken dien, mar tinkt dat it wol effekt hân hat.

(advertinsje)
(advertinsje)