Sherida Spitse wint Noarske beker mei LSK Kwinner FK

Sherida Spitse © awfoto.nl
Fuotbalster Sherida Spitse hat mei har klup LSK Kwinner FK de beker wûn yn Noarwegen. De Friezinne makke it earste doelpunt yn de finale tsjin Røa, dy't einige yn 2-0.
Earder helle LSK it lânskampioenskip al binnen. Foar Spitse, dy't ek foar it Nederlânsk frouljusalvetal útkomt, wie dit it tredde seizoen by de Noarske klup. Dêrfoar spile se by de froulju fan FC Twente en SC Hearrenfean.