Jan de Vries fjirde Frysk ynternasjonaal skiedsrjochter

20 nov 2016 - 14:56

Grinsrjochter Jan de Vries fan Gytsjerk is fan 1 jannewaris ôf ynternasjonal. Hy is mei syn kollega's Joost van Zuilen en Dennis Higler selektearre troch fuotbalbûn FIFA om ynternasjonale wedstriden te lieden. It trio nimt it plak yn fan Richard Liesveld, Angelo Boonman en Patrick Langkamp.

De Vries is de fjirde Fries dy't op ynternasjonaal nivo aktyf is nei Erwin Zeinstra fan Dronryp, Mario Diks fan Ljouwert en Hessel Steegstra fan Snits.

(advertinsje)
(advertinsje)