Fryske learlingen bouwe robots fan lego

20 nov 2016 - 14:05

In rekôrtal teams docht kommende sneon mei oan de robotkompetysje op de Ulbe van Houten-skoalle yn Sint-Anne. Tritich teams fan ferskate skoallen stride dan yn de Fryske finale. Se presintearje dêryn har selsboude robots. Dy binne fan lego en moatte yn de finale in parkoers ôflizze. De Fryske winner pleatst him foar de lanlike finale yn Zwolle. Ferline jier hat it Fryske team de wrâldfinale helle yn Amearika.

(Advertinsje)
(Advertinsje)