SC Hearrenfean wer in jier troch mei frouljusfuotbal

Argyffoto © Vrouwenscheerenveen.nl
It frouljusfuotbal by SC Hearrenfean is ek foar it seizoen 2017-2018 garandearre. SC Hearrenfean hat it akkoart mei it frouljusfuotbal foar dit en it kommende seizoen ferlinge. De direksje fan SC Hearrenfean wol it frouljusfuotbal stypje en meihelpe oan de ambysjes fan de Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen. Beide partijen sille har ynsette foar maatskiplike en promoasjonele aktiviteiten. De earedifyzje froulju bestiet neist SC Hearrenfean út ADO Den Haag, Ajax, Telstar, FC Twente, PEC Zwolle, PSV en Achilles '29.
SC Hearrenfean wie yn 2007 ien fan de mei-oprjochters fan de KNVB earedifyzje frouljusfuotbal.