Menaam pakt heechste oantal punten op OMF konkoers

De Lawei yn Drachten wie sneon it toaniel foar it OMF Muzykkonkoers foar blaasorkesten. Santjin orkesten striden yn fiif ferskate difyzjes om de heechste eare. It heechste oantal punten fan de dei waard helle troch Halleluja fan Menaam ûnder lieding fan Ido Gerard Kempenaar. De priis foar it bêste ynspylwurk fan de fjirde difyzje wie foar brassband Wilhelmina fan Kollum.
Alle útslaggen binne te finen op www.omfryslan.nl