Streppel: Utslach SC Hearrenfean-Vitesse rjochtfeardich

Trainer Jurgen Streppel fan SC Hearrenfean is reedlik tefreden oer it 1-1 lyk spul fan syn ploech sneontejûn tsjin Vitesse. Neffens Streppel wie de útslach wol rjochtfeardich. "Vitesse kwam in beide helften beter uit de startblokken, maar dat duurde in mijn optiek een kwartiertje en daarna hebben wij het spel redelijk overgenomen. Het zou geweldig zijn geweest als we in de laatste seconde nog hadden gescoord, maar helaas heeft dat niet zo mogen zijn."
Ynfaller Henk Veerman wist yn de slotfaze fan it duel noch de lykmakker te skoaren en even like it derop dat hy yn de lêste minút nochris in doelpunt meitsje soe, mar dy bal gong tsjin de peal. "Ik ging op zoek naar de tweede goal en op een paar centimeter na valt hij dan niet en dat overheerst eigenlijk nu", seit in teloarstelde Veerman.