FVC giet it skip yn tsjin Blau Wyt '34 yn Wiardaderby

19 nov 2016 - 22:10

De buorrestriid op it Wiardakompleks yn Ljouwert is wûn troch Blau Wyt '34. De ploech fan trainer Kees Jansen wie mei 2-1 te sterk foar FVC. Dêrtroch is Blau Wyt in ronde fierder yn de beker en is FVC útskeakele.

Nei goed in healoere spyljen kaam Blau Wyt, dat offisjeel út spile, op foarsprong fia Jonathan Gregoria. Krekt nei it skoft ferdûbele Bob Schepers de skoare mei in hurd skot. Fia Ruurd Algra die FVC noch wol wat werom, mar de oanslutingstreffer late net ta in slotoffinsyf.

FVC en Blau Wyt '34 spylje beide op it Wiardakompleks. Moandei yn Fryslân Hjoed in reportaazje oer dizze bysûndere wedstriid.

(advertinsje)