Iepen dei NHL yn Ljouwert lûkt hast 4400 besikers

19 nov 2016 - 20:53

De jierlikse iepen dei op de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert hat sneon opnij in rekôrtal besikers lutsen. Hast 4400 belangstellenden kamen nei de foarljochtingsdei. Ferline jier wiene der 4200 minsken. De besikers koene dielnimme oan spesjale workshops en krigen persoanlike foarljochting en stúdzje-advys.

Neist iepen dagen organisearret de NHL ek oare eveneminten om takomstige studinten te helpen by harren stúdzjekar. Sa kinne belangstellenden op 8 desimber in dei proefstudearje.

Ek kinne minsken fia it platfoarm lifeatnhl.nl fragen stelle oan NHL-studinten.

(advertinsje)