SC Hearrenfean spilet lyk yn spannend duel tsjin Vitesse

© awfoto.nl
Yn in spannende wedstriid hat SC Hearrenfean sneontejûn mei 1-1 lyk spile tsjin Vitesse. Beide ploegen wiene oaninoar weage, mar it duorre lang foardat it earste doelpunt foel yn it Abe Lenstrastadion. Pas nei rêst wie it Baker fan Vitesse dy't yn de 72e minút de iepeningstreffer makke: 0-1.
Trainer Jurgen Streppel fan SC Hearrenfean keas yn de 78e minút foar in dûbele wiksel. Veerman en Van Amersfoort kamen deryn foar Reza en Thorsby en dat bliek in goede kar, want seis minuten letter waard de stân op 1-1 brocht troch Veerman.
Ek yn de fjouwer minuten ekstra tiid makke Veerman it noch even spannend, mar syn skot kaam tsjin de peal en sa bleau de einstân gelyk.