Joop Alberda stapt út advysrie

Joop Alberda is út de Club fan 2028 stapt. De eardere direkteur fan NOC*NSF hat witte litten dat hy foar himsels gjin rol mear fuortlein sjocht yn dizze advysrie.
De Club fan 2028 is in groep minsken dy't derfoar soargje moatte om Nederlân waarm te krijen om de Olympiske Spelen fan 2028 hjir nei ta te heljen. Neffens Alberda is der in soad ûndúdlikens oer de rol fan de Club fan 2028 en mist hy "daadkracht" binnen de klup.