Harkemase Boys spilet mei 2-2 lyk tsjin IJsselmeervogels

19 nov 2016 - 18:01

Harkemase Boys hat sneontemiddei in fertsjinne punt helle by IJsselmeervogels. De wedstriid yn Spakenburg einige yn in 2-2 lyk spul. IJsselmeervogels hie de druk der flink op yn de earste helte, mar de ferdigening fan de Boys stie goed. Sa wie de stân by rêst 0-0.

Nei it skoft skeat Oebele Schokker yn de 47e minút in korner fan de linkerkant daliks yn it doel: 0-1. Dêrnei gong it even mis mei in eigen doelpunt fan Harkemase Boys. In foarset fan IJsselmeervogels rekke foar de fuotten fan Jesse Renken dy't de bal achter syn eigen keeper Jansema skeat.

Yn de 65e minút kaam de ploech fan trainer Henk Herder wer op foarsprong troch in doelpunt fan Jorco van Hezel: 1-2. IJsselmeervogels liet it net gewurde en skoarde de 2-2 yn de 73e minút. De spanning rûn op en de druk fan IJsselmeervogels ek, mar de jonges fan trainer Sandor van der Heide koene it net rêde. Sa bleau it 2-2.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)