Nije webside moat reedriders ynformearje oer iiskwaliteit

De Friesche IJsbond wurket oan in nije webside dêr't fan alles te finen wêze moat oer de iiswegen yn Fryslân. Dêr is sneon oer praat op de jiergearkomste fan it iisbûn yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. De webside moat oare winter klear wêze.
Op de webside moat ynformaasje fan de ferskate iiswegesintrales komme, mei sifers oer de tsjokte fan it iis, wêr't riden wurde kin en wêr't it iis noch net goed genôch is. Dat is wichtich, want minsken moatte foaral ynformearre wurde oer wêr't it fertroud riden is en wêr net, seit de Friesche IJsbond.