De Morra Run yn Himmelum giet snein net troch

19 nov 2016 - 14:27

It hurdrinevenemint De Morra Run foar Kika yn Himmelum giet snein net troch. Der komme alle jierren sa'n 400 man op ôf, mar de organisaasje doart it dit jier net oan, fanwege de stoarmeftige wyn dy't foarsein wurdt.

In nije datum foar de Morra Run is der net, dêr koe de organisaasje yn de folle kalinder gjin romte foar fine.

http://www.morrarun.nl/

(Advertinsje)
(Advertinsje)