''Fosfaatakkoart is net duorsum en ek net rjochtfeardich''

19 nov 2016 - 12:33

It fosfaatakkoart fan steatssekretaris Martijn van Dam en de suvelsektor is net duorsum en ek net rjochtfeardich. Dat sizze Herman en Sjoukje Flapper. Sy melke twahûndert kij by Domwier, tusken Grou en Wergea, en hawwe yn ferhâlding ta it oantal kij foldwaande lân. Se fine it ûnbegryplik dat de polityk net mear nei de 'grondgebonden' lânbou sjoen hat as útgongspunt foar it fosfaatakkoart.

Kij ynleverje

Neffens it plan dat der no leit, moatte ek ekstinsive en biologyske boeren kij ynleverje om in probleem op te lossen dat sy net feroarsake hawwe. Flapper fynt dat net rjochtfeardich en moat ek noch sjen oft foldwaande boeren frijwillich ophâlde sille om de doelstelling fan minder fosfaatproduksje en folle minder kij te heljen.

Ferhúzje

De Flappers hâlde der rekken mei dat it akkoart foar guon boeren oanlieding wêze kin om nei it bûtenlân te ferhúzjen. No tiisdei is der yn it Abe Lenstrastadion in grutte ynformaasjebyienkomst foar boeren dy't oerwage om nei Dútslân te ferhúzjen. As boeren dy't no yn Nederlân ophâlde in moaie preemje krije fan it Ryk en de suvelsektor, kin dat sa'n stap wer in stik makliker meitsje, ek al omdat de grûn yn Dútslân in stik goedkeaper is as yn Nederlân.

Trefwurden: 
fosfaat akkoart kij
(advertinsje)
(advertinsje)