'Soad draachflak foar Buma'

Van Haersma Buma © ANP
De útslach fan de listlûkersferkiezing fan it CDA lit sjen dat Sybrand van Haersma Buma in soad draachflak yn de partij hat. Dat seit foarsitter Douwe Tamminga fan it CDA yn Fryslân yn in earste reaksje op de ferkiezing fan de Fries-om-útens as nije listlûker.
Van Haersma Buma helle al nei ien stimronde in absolute mearderheid fan de stimmen, 51%. In twadde stimronde is dêrmei oerstallich. Twadde waard Mona Keijzer mei 26% en tredde Marcel Wintels mei 9,5%. Henk Bleker krige 7,3%, Liesbeth Spies 3,7% en Madeleine van Toorenburg 1,7% .