Boubedriuw BAM stjit ferskate bouprojekten ôf

19 nov 2016 - 10:50
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Boubedriuw BAM stjit 47 bouprojekten yn it noarden en easten fan it lân ôf. It bedriuw wol him mear rjochtsje op de Rânestêd. It giet ûnder oare om it nijbouprojekt Drachtsterfeart yn Drachten. Dêr giet it om 25 wenningen. Oare bouprojekten binne ûnder oare yn Swolle en Grins.

Yn totaal giet it om fiiftûzen wenningen, meldt de Stentor. De projekten gean oer nei it bedriuw De Nieuwe Stijl VanWonen. Dat krijt in haadkantoar yn in BAM-gebou yn Swolle.

(advertinsje)
(advertinsje)