Kontroversjele wet foar selsstannigen wurdt útsteld

19 nov 2016 - 09:51

Steatssekretaris Wiebes fan Finânsjes hat de kontroversjele wet Deregulering Beoordeling Arbeidsrelaties (DBA) útsteld ta yn elk gefal 2018. Dat makke de steatssekretaris freedtemiddei bekend, nei't wurkjouwersorganisaasjes earder op de dei al pleiten foar in oplossing. De selsstannigen sûnder personiel, de zzp'ers, en harren opdrachtjouwers hoege troch it útstel dêrom noch net bang te wêzen foar problemen mei de Belestingtsjinst.

Skynselsstannichheid

De wet DBA wie bedoeld om better ûnderskied te meitsjen tusken selsstannigen sûnder personiel en minsken yn leantsjinst. Dêr't ûndernimmers foarhinne in VAR-ferklearring oanfrege moasten, waarden per 1 maaie 2016 de saneamde modeloerienkomsten ynfierd. Dêryn wurde ôfspraken makke oer it wurk, sawol opdrachtjouwers as zzp'ers binne derfoar ferantwurdlik dat der neffens de oerienkomst wurke wurdt. Minsken dy't zzp'er binne, mar feitlik yn tsjinst binne fan in wurkjouwer, soene beboete wurde kinne. Mar om't de wize fan wurkjen al tsientallen jierren oan it feroarjen is, moat der mear tiid komme foar't de wet definityf ynfierd wurde kin.

Gjin boeten

Yn de tuskentiid leit de Belestingtsjinst gjin boeten op oan zzp'ers en opdrachtjouwers. Wol seit Wiebes dat der in útsûndering makke wurdt foar de ''echte valsspelers''. Selsstannigen en opdrachtjouwers binne bliid mei it beslút fan de steatssekretaris. Wurkjouwersorganisaasjes fregen him freedtemoarn al de wet yn de kuolkast te setten.

Ferlies fan wurk

Troch de ûnwissichheid oer de nije regels drigen selsstannigen net mear ynhierd te wurden troch opdrachtjouwers. De zzp'ers ferlearen dêrtroch opdrachten.

Trefwurden: 
ZZP'er selsstannigen wet DBA
(advertinsje)
(advertinsje)