Ek Nederlânske manlju winne ploege-efterfolging yn Japan

Jorrit Bergsma © awfoto.nl
Ek de Nederlânske reedriders hawwe sneontemoarn yn Nagano de winst pakt op de ploege-efterfolging by de twadde wrâldbeker. It folslein Fryske team mei Sven Kramer, Jorrit Bergsma en Douwe de Vries wie mei in tiid fan 3.42.65 goed foar in gouden medalje.
Op grutte ôfstân fan hast twa sekonden folge Súd-Koreä. It brûns gie nei de ploech fan Nij-Seelân.