Reedrydfroulju pakke goud by ploege-efterfolging yn Nagano

19 nov 2016 - 08:21

De Nederlânske reedrydsters hawwe sneontemoarn yn Nagano by de twadde wrâldbeker in gouden medalje helle op de ploege-efterfolging. It team mei Marrit Leenstra fan Wikel, Antoinette de Jong fan Rottum en Marije Joling wûn de wedstriid mei in tiid fan 2.58.69.

De Nederlânske froulju wienen mear as in sekonde flugger as gastlân Japan. It tredde plak gie nei de Russyske ploech.

(advertinsje)
(advertinsje)