Trainer Hulshoff fan SC Cambuur: "Dizze winst fielt lekker"

18 nov 2016 - 23:00

Trainer Sipke Hulshoff fan SC Cambuur is út de skroeven mei de 1-0 oerwinning fan syn ploech op Emmen. "De blydskip is gigantysk en it is in terjochte oerwinning", sa seit Hulshoff. "In heechsteande wedstriid wie it net. Foar ús telde mar ien ding, dat wie de oerwinning. En dat hawwe de jonges poerbêst útfierd. Dizze winst fielt hiel lekker." 

Gino Bosz makke yn de 84e minút it iennichste en winnende doelpunt. "De wedstrijd was wel wat saai. Op een gegeven moment kreeg ik iets meer ruimte om te schieten. Ik denk 'ik haal uit' en toen vloog de bal er gelukkig mooi in."

(Advertinsje)
(Advertinsje)