UNIS Flyers behellet 25e thúswinst op rige tsjin Zoetermeer

(argyffoto) © Martin de Jong
De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe freedtejûn harren 25ste thúswinst op rige behelle tsjin Zoetermeer. It slagge de Feansters de ploech út Súd-Hollân mei 6-4 te ferslaan. De goals kamen yn de earste perioade op namme fan Wurm en Postma.
Yn de twadde perioade waard der foar de Feansters skoard troch Turcotte en Demelinne, wylst yn de tredde en fjirde perioade Demelinne en Wurm opnij doel troffen. Sa kaam de einstân op 6-4.