Cambuur pakt trije punten mei 1-0 winst op Emmen

18 nov 2016 - 22:00

Cambuur hat freedtejûn yn Emmen mei 1-0 wûn fan FC Emmen. It is de earste kear sûnt augustus dat Cambuur yn in útwedstriid yn de Jupiler League mei de winst nei hûs ta giet. De wedstriid kaam dreech op gong, mar beide ploegen krigen genôch kânsen. Dochs wie it pas yn de lêste tsien minuten dat Cambuur de foarsprong pakte. Mei de trije punten derby stiet de ploech no op 20 punten, en kinne se wer oansluting fine by de middenmoat. 

Kânsen

De wedstriid hat in stadige start, wêrby't de earste kâns foar Cambuur pas yn de alfde minút falt. Yn de 18e minút krije de Ljouwerters de grutste kâns, mar Van de Streek sjit krekt by de peal del. Hjirnei is de beurt oan Emmen, dy't yn de 32ste minút in skot op doel krije kinne. Keeper Zeinstra docht lykwols dêr't er foar betelle wurdt en keart de bal. Fuort dêrnei sjit Conraad de bal op de peal fan it doel fan Emmen.

Giele kaarten

Nei de rêst binne it benammen de giele kaarten dy't opfalle. Bakker, Bosz en Van Deelen wurde allegearre yn de earste 15 minuten fan de twadde helte op de bon slingere. It is Emmen dy't de earste kâns krijt, yn de 52ste minút sjit Kallon in pear meter njonken de goal fan de Ljouwerters.

Cambuur komt pas yn de 63ste minút wer echt gefaarlik foar de goal fan Emmen. In skot fan Van de Streek wurdt earst pakt troch Telgenkamp. Yn de 65ste minút bedarret in bal fan Van de Streek yn it sydnet. Dêrnei folgje in tal lytse kânsen, mar yn de 84ste minút is it dan echt raak foar Cambuur en sjit Gino Bosz fan de râne fan it 16-metergebiet de 1-0 yn de rjochter boppehoeke.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)