Hiswa sjocht fleksibel wetterpeil Iselmar net sitten

Belange-organisaasje Hiswa is it net iens mei in fleksibeler wetterpeil foar de Iselmar. Rykswettersteat is dêr mei dwaande. Ien op de fiif skippen soe yn de problemen komme en guon jachthavens ek, sizze de wettersportûndernimmers. It giet om sa'n 10 sintimeter ferskil.
Yn de betide maitiid soe it wetter wat heger kinne, mar dan binne guon jachthavens efter fêste brêgen minder goed berikber. In leger wetterpeil yn de simmer pakt wer ferkeard út foar skippen dy't te djip stekke. Dat soe oplost wurde moatte mei baggerjen.