"In hiele hurde knal en glês fleach troch de trein"

"Ik siet rêstich in krantsje te lêzen en ynienen fielde ik in hiele hurde knal", sa beskriuwt Josse Feitsma fan Aldeberkeap it momint dat de trein dêr't hy freed ynsiet ûntspoarde by Winsum yn Grinslân. De trein botste op in molkwein fan FrieslandCampina by in spoaroergong. Achttjin treinreizgers rekken ferwûne, wêrfan trije swierferwûne, sa meldt RTV Noord. Se binne net yn libbensgefaar.
De ûnwissichheid fan de situaasje fûn Feitsma it aaklikst: "Ik dûkte daliks mei de holle nei de grûn ta, einliks automatysk. Fielst wol allegear glês en oar spul om dy hinne fleane en hearst geraas, mar hast net troch oft it by dy yn de buert is en witst net hoelang as it duorje sil." Feitsma siet yn it middenstik fan de trein. "Dêrmei haw ik in hiel soad gelok hân, tink ik. Der wie in lyts plakje op myn hân dêr't wat glês yn siet, mar fierders haw ik nearne lêst fan."
By Winsum sil yn alle gefallen oant nei it wykein gjin treinferkear mooglik wêze.