Súdwest-Fryslân plantet mear beammen dizze winter

18 nov 2016 - 16:32
Foto: ANP

De gemeente Súdwest-Fryslân plantet dizze winter mear beammen as normaal. Dat komt omdat der dit jier mear jild beskikber is. De kosten binne 21.000 euro. Mei-inoar giet it om in lytse fiifhûndert beammen. Dêrmei wurde hast ien op ien de beammen werom plante dy't kapt binne, bygelyks fanwege sykte. De gemeente plantet in ferskaat oan beammen om de kâns op sykten lytser te meitsjen. 

Op in kaart op de webside fan de gemeente kinne ynwenners sjen hokker beammen kapt wurde, wêrom en wêr't nije beammen plante wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)