Soarch oer hegere eigen risiko

18 maaie 2012 - 12:57

In soad Friezen hawwe muoite mei it hegere eigen risiko yn de sûnenssoarch, ien fan de maatregels út it maaitiidsakkoart.Dat eigen risiko giet mei yngong fan takom jier omheech fan 220 euro nei 350 euro op jierbasis.

CDA, VVD, D66, GrienLinks en ChristenUnie hawwe dat earder dizze wike mei-inoar ôfpraat. En by dat hegere eigen risiko bliuwt it net, want wa't opnaam wurdt yn it sikehûs betellet takom jier ek in in saneamde 'ligtax' fan 7 euro 50 foar eltse dei dat je yn it sikehûs lizze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)