Trije ôfdielings fusearje yn VVD De Fryske Wâlden

De VVD-ôfdielings fan Tytstjerksteradiel, Achtkarspelen en Smellingerlân fusearje yn ien lokaal netwurk: VVD De Fryske Wâlden. De leden fan de trije ôfdielings hawwe hjir woansdei by de oprjochtingsfergadering yn Drachten unanym mei ynstimd. De Fryske Wâlden slút hjirmei oan op in lanlike tendins. ''Samen zijn we een krachtige en slagvaardige organisatie waarmee we effectiever kunnen werken aan verkiezingscampagnes, bijeenkomsten en contacten'', sa seit foarsitter Johannes Bosgra.
Per gemeente sil in kommisje har dwaande hâlde mei de gemeentlike polityk, ferkiezings en gearkomsten. De politike fraksjes yn de gemeenten bliuwe selsstannich funksjonearjen, de lokale ôfdielings hâlde lykwols op te bestean.