Otterpassaazje by Gytsjerk, wurksumheden begjinne moandei

© Omrop Fryslân
Der komt in otterpassaazje oan de Westerdyk, krekt bûten Gytsjerk. Takom moandei sette de wurksumheden útein. Der wurdt in dûker ûnder de dyk oanbrocht, mei oan beide kanten in roaster. Op dizze wize kinne de otters op in feilige wize fan natuergebiet de Grutte Wielen nei it njonkenlizzende Bûtenfjild reizgje.
Neffens It Fryske Gea is de oanlis fan de passaazje needsaaklik, om't der op dit spesifike plak al twa otters deariden binne. It projekt wurdt finansiere mei stipe fan it koartlyn oprjochte otterfûns fan It Fryske Gea, yn gearwurking mei de provinsje Fryslân.