Feemerkhal Snits wurdt foarlopich net sloopt

18 nov 2016 - 12:33

De sloopplannen foar de feemerkhal yn Snits gean foarlopich net troch. Dat hat Súdwest-Fryslân besletten. It dak fan de hal wurdt foar 130.000 euro opknapt. Sûnt it begjin fan de jierren 90 is der amper ûnderhâld oan de hal dien, om't de hal sloopt wurde soe. Dy sloop is hieltyd útsteld, mar it dak is al tiden sa lek as in tjems. De rommelmerken en beurzen yn de hal feroarje by reinwaar dan ek yn in wetterballet, ta grutte frustraasje fan de organisaasjes. Mar de gemeente hat syn plannen no bysteld: de kommende tsien jier bliuwt de hal bestean.

Lek

De feemerk yn Snits hâlde yn 1992 op, beurzen en eveneminten yn de hal gongen wol troch. It buro BECA Service hâldt al sûnt 1983 floaiemerken yn de hal. Neffens Margriet Eckhardt fan BECA hat it dak altyd lek west, mar de lêste jierren is it hieltyd slimmer wurden. Sy riedt har klanten altyd oan om plestik mei te nimmen, om har guod drûch te hâlden. Sy is bliid dat der no dúdlikheid komt oer in opknapbeurt. Tagelyk hâldt de hal syn beheinings: winters kin it hiel kâld wurde, want de feemerk is hast net te ferwaarmjen.

LED-ferljochting en sinnepanielen

De gemeente oerwaget de TL-buizen yn de hal te ferfangen foar LED-ferljochting, om sa it enerzjygebrûk te ferleegjen. Ek komme der miskien sinnepanielen op it dak.

(advertinsje)
(advertinsje)