Vereniging Hogescholen teloarsteld oer finansjele koarting

18 nov 2016 - 12:16

De Vereniging Hogescholen reagearret teloarsteld op de finansjele koarting dy't minister Jet Bussemaker fan Underwiis trochfierd hat. Seis hegeskoallen, wêrûnder de NHL yn Ljouwert, krije takom jier mei-inoar sân miljoen euro minder, omdat se de prestaasje-ôfspraken net helle ha. Foarsitter Thom de Graaf fan de Vereniging Hogescholen fynt it beslút fan de minister teloarstellend. ''De overheid moet sturen op afstand en meer ruimte aan de autonomie van de hogescholen bieden'', sa seit er.

Kwaliteit omheech

Neffens de feriening is de kwaliteit fan it ûnderwiis ek sûnder prestaasje-ôfspraken omheech gien. Hegeskoallen hawwe yn 2012 prestaasje-ôfspraken makke mei it ministearje fan ûnderwiis foar de perioade 2012 oant 2016. Dat wie om se te beleanjen foar it tal studinten dat mei súkses ôfstudearret en foar de kwaliteit dy't se biede. Seis hegeskoallen wurde no koarte op de begrutting, nei beoardieling troch in kommisje.

Stenden

Stenden Hegeskoalle, de buorman fan de NHL, krige in positive beoardieling fan de minister. Se krigen in plus, mar binne dochs net wiis mei de achterlizzende ôfspraken. Neffens harren kin de kwaliteit fan it ûnderwiis net allinnich mar yn kâlde sifers útdrukt wurde, en soe it bêst ris sa wêze kinne dat in skoalle dy't no in plus krigen hat it miskien wol minder docht as ien dy't dat net krigen hat. 

(advertinsje)
(advertinsje)