Mooglike seehûneopfang op Skylge stiet faai

18 nov 2016 - 11:51

It inisjatyf om in seehûneopfang op te rjochtsjen op Skylge driget te fersûpen yn de burokrasy. Goed in jier lyn krige inisjatyfnimmer Hessel Wiegman in tydlike fergunning fan it Ryk, oant maart 2017, om mei de opfang te begjinnen. Mar dat is noch hieltyd net slagge. De gemeente kaam yn july mei in plak dêr't it koe en joech oan dat it talitten wurde soe.

De gemeente levere ek ien fan de twa konteners foar de opfang. Yntusken is dy kontener wer werom helle en is der noch hieltyd gjin omjouwingsfergunning regele. Wiegman slacht no alarm, want it driget net goed te kommen. Foarsitter Joop Mulder fan de stichting Zeehonden Opvang Terschelling is benaud dat it aanst net mear slagget om oan te toanen dat de opfang in funksje hat op it eilân.

Ferantwurdlik wethâlder Teun de Jong bepraat de kwestje leaver ien op ien mei de belutsenen as middels de media, sa lit er witte.

Trefwurden: 
seehûn opfang Skylge
(advertinsje)
(advertinsje)