Dalstra gjin kontrôles mear

18 maaie 2012 - 12:40

As earste touringcarbedriuw yn it Noarden krijt Dalstra Reizen yn Surhústerfean gjin kontrôles mear fan de ynspeksje foar Leefomgeving en Transport. No tongersdei ûndertekent de direksje fan it bedriuw in konvenant mei de ynspeksje.

Dalstra hat yn it ferline de saken kwa reistiden en ûnderhâld sa goed op oarder hân dat de ynspeksje derop fertrout dat alles feilich is. Yn de praktyk hâldt dit yn dat sjauffeurs fan Dalstra net kontrolearre wurde as se bygelyks by in pretpark steane te wachtsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)