Beyers Naudé fiert 95-jierrich bestean

It kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert fiert freed it 95-jierrich bestean fan de skoalle. Learlingen kinne ferskate workshops folgje sa as hip-hop, sjonge, Afrikaansk dûnsje, learbewurkje, fotografy en in wedstriid 'Heel Beyers bakt', wêrby't learlingen in taart bakt ha. Sawol dosinten as learlingen binne ferklaaid yn klean út it ferline nei skoalle ta kommen.
Ald-learlingen
Op it kristlik Gymnasium Beyers Naudé sitte no 510 learlingen. Bekende âld-learlingen dy't harren eksamen op skoalle helle ha, binne skriuwer Geert Mak (1965), biograaf Annejet van der Zijl, polityk lieder Gert-Jan Segers fan de ChristenUnie (1988), kabaretier Jan Jaap van der Wal (1997) en âld-Cambuur fuotballer Bob Schepers (2010).
Tongersdeitejûn hâlden ek in oantal âld-learlingen in lêzing oer harren fierdere karriêre. Dêrby hearden ek de sjoernalisten Auke Zeldenrust fan Omrop Fryslân (eksamenjier 1983) en Erik Betten fan it Friesch Dagblad (eksamenjier 1993).